Langpaed
Yn 2011 is der in boek útbrocht oer it Langpaed mei de titel:
Fan Wilpster pad nei Langpaed.
Fan Kromhoek nei De Wylp rûn, hûndert jier lyn, in sânpaad oer de heide en fierder by de Wylpster Wyk del. By de wyk stiene doe al hûzen út de tiid fan de feanterij.
In skiednis fan leidiken, wiken mei wâldspultsjes, grutgrûnbesitters en ûntginning fan heide. Fan doarpstimmerlju, dy’t pleatsen en wâldhûzen bouden op it nije lân. By elk wenplak wurdt efkes stilstien. Mei in tal (âld) bewenners is in wat breder petear opnommen. Yn it boek binne in grut tal unike foto’s, histoaryske kaarten, âlde boutekeningen en plattegrûnen fan eartiidse hiemen opnaam.
Sjoch ek op www.langpaed.JouwWeb.nl